"Kompensearje ûndernimmers yn krimpgebiet foar hegere btw"

Hans de Boer stiet parse te wurd op it Binnenhof op 5 septimber nei syn dielname oan de formaasjepetearen © ANP
Undernimmers yn krimpregio's moatte kompensearre wurde foar de oansteande btw-ferheging fan 6 nei 9 persint. Dêrfoar pleitet wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW. Ek ûndernimmers yn middelgrutte gemeenten mei in soad leechstân yn stedssintra moatte ûntsjoen wurde. VNO/NCW-foarsitter Hans de Boer pleitet foar in pot fan 200 miljoen euro foar it oanpakken fan regionale knyppunten. Mei dat jild kinne gemeenten en ûndernimmers mei-inoar harren stedssintrum of gebiet wer 'ûnderskiedend en oantrekliker' meitsje.

De Boer tinkt dat it goed mooglik is om sa krimp en leechstân tsjin te gean. Details oer syn foarstel wol De Boer noch net jaan. Hy wol it jild yn alle gefallen 'tûk' ynsette foar 'de bêste plannen'. Krimpgebiet, stêden en ûndernimmers moatte dy plannen sels meitsje. VNO/NCW tinkt dat sa gruttere ynvestearrings útlokke wurde kinne. "Troch binnen- en bûtenlânske toeristen oan te lûken ûntlêste we de grôtfolle grutte stêden en kreëarje we ekstra omset yn de lytsere stêden en krimpgebieten", sa seit De Boer.