Plysje Ljouwert hâldt ynbrekkers oan

30 okt 2017 - 10:59
Foto: Omrop Fryslân

De plysje Ljouwert hat sneintejûn twa ynbrekkers oanhâlden. It giet om in 31-jierrige frou en in 57-jierrige man út de stêd. Se waarden trappearre by in ynbraak yn in bedriuw oan de James Wattstrjitte. De plysje wie warskôge troch it alarm.

Der is sneintenacht ek ynbrutsen by in wenning oan de Bercystrjitte. Dêrby binne in laptop en in horloazje bútmakke. In ynbraak yn in wenning oan de P.C. Hooftstrjitte yn Ljouwert mislearre om't de bewenster de ynbrekker oer it mad kaam.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert stellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)