Garaazjeman jout motor oan Argentynske famylje Zapp

30 okt 2017 - 09:44

De Argentynske famylje Zapp, dy't al 17 jier lang de hiele wrâld oer reizget mei in auto fan it merk Graham Paige út 1928, kin wer fierder mei tank oan garaazjeman Jan Cats út Wytmarsum. De histoaryske auto fan it stel hat in skuor yn de motor. Se kamen op de Classic Carbeurs dy't ôfrûne wykein yn it WTC Expo yn Ljouwert wie, yn de kunde mei Cats.

Ta harren grutte fernuvering hat Cats deselde motor as dy't yn harren auto sit. Cats hat de motor, dy't no noch yn de Old Car Factory yn Penjum stiet, fergees oanbean. ''Ik hoegde der allinnich mar harren boek en in foto fan de famylje foar'', seit Cats. Hy krige de bysûndere motor hast twa jier lyn yn besit fia in ruil. De motor reizget meikoarten de famylje Zapp achternei nei Spanje en sil dêr dan yn de auto pleatst wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)