Kollum: "Better switte as sitte"

"Twa wike lyn pleite advokaat Bart Canoy yn it radioprogramma Weistra op Wei foar it oanpassen fan de wet, sadat rjochters minsken ferskate kearen in wurkstraf jaan meie. No is by wet fêststeld datst net twa kear in wurkstraf krije kinst foar itselde delikt binnen fiif jier. Neffens it regear soe in wurkstraf faak net swier genôch wêze. En dus moatst by de twadde kear de sel yn. Dat soe kriminelen mear ôfskrikke, tinke se yn Den Haach.

Googleje op 'wurkstraf' en krijst allerhanne nijsberjochten oer minsken dy't in wurkstraf krigen ha foar relatyf lytse fergripen. 'Man draagt alarmpistool om hond af te schrikken: 60 uur werkstraf.' 'Burenruzie in Bovensmilde levert veertig uur werkstraf op.’ Mar wurdt it delikt serieuzer, lykas ride mei drank op, dan falle de oeren in stik heger út. Sa krige in 21-jierrige man út Oss de maksimale wurkstraf fan 240 oeren foar in oanriding wêrby't er mei drank en drugs op achter it stjoer siet. Dat binne fansels flinke oantallen, mar toch hie ik altyd in nuver bysmaak by it wurd wurkstraf. As ik hearde dat ien in bern oanriden hie mei drank op en dêrfoar 160 oere wurkstraf krige, dan tocht ik automatysk: ‘Do komst der wer maklik ôf, kloatsek’. Want in wurkstraf, dat is eins in lachertje. Dochs?

Foar de simmer mocht ik in dei meirinne by de Reclassering yn Ljouwert, de ynstânsje dy't dizze wurkstraffen plant, organisearret, begeliedt en tafersjoch hâldt op de útfiering. Ik hie gjin flau benul hoe't soks der yn de praktyk om en ta giet, mar ik krige al gau yn de gaten dat it serious business is. Fan managers dy’t wat jild achteroer drukt hawwe oant huis-, tuin- en keukenkriminelen; minsken út alle lagen fan de befolking komme hjir binnen. En foar elkenien wurdt in passende wurkstraf socht. Sa’n wurkstraf is gjin frijwilligersbaantsje dast der efkes bydochst. Moatst de opleine oeren sa folle mooglik op troch de wykse dagen útfiere en de reklassearring bepaalt wannear. Hast dus in gewoane baan, dan oan dy de taak om by de teamlieder te melden datst de kommende trije moannen efkes net mear wurkje kinst op tiisdei en tongersdei. Wêrom net? Lis dat mar ris út oan de baas. Om foar te kommen dat dy dit op ûntslach komt te stean, kin de reklassearring beslute datst dyn wurkstraf yn it wykein dwaan meist. Dat betsjut dus datst op sneons net mear oan de kant fan it fjild stean kinst by dyn bern. Of sels in fuotbalwedstrydsje spylje. Dyn wurkstraf set dy efkes bûtenspul.

Ek de ynfolling fan de straf bepaalst net sels. Hast in hekel oan smoarge hannen, dan is de kans grut dast yn de ôfwaskkoken fan in sikehûs bedarrest. Wurdst pakt fanwege dyn bysûnder talintearre 'griene fingers' dan meist dy tenei ynsette yn it plantsoenebehear. Wol sjocht de reklassearring wêr't dyn wurkstraf de measte kâns hat op sukses en wêr'tst it bêste wat werom dwaan kinst foar de maatskippij. Mar sels wat útsykje? Ho mar. It is per slot fan rekken net foar neat in wurk-straf. it bysûndere is datst mei allerhanne minsken út ferskate sosjale miljeus yn oanrekking komst. As fuotbalsupporter mei losse hantsjes kinst bêst wurkje moatte mei in bankdirekteur mei grijpgrage fingerkes. En dat is foar beide efkes wennen. Mar dêrtroch just goed om ris te sjen wat der noch mear yn de wrâld is as allinnich dyn eigen kennissekrinkje. It ferrommet dyn blik en helpt om de wrâld mei oare eagen te besjen.

Somtiden smyt dat prachtige resultaten op. Dat in bûsehifker syn wurk yn de spielkeuken fan in âldereintehûs sa goed docht, dat er offisjeel oannaam wurdt. It bewiis dat in wurkstraf wurket. Fansels, der binne ek wurkstraffers dy’t harren oeren mei tsjinsin folmeitsje en in moanne letter wer deselde misstap begeane. Dy hâldst altyd. Mar hiel earlik: dy kinne we better in nije wurkstraf jaan yn plak fan - sa as dat no dus moat - him yn de sel te setten. Ik haw myn miening oer in wurkstraf flink bysteld nei dizze besite oan de Reclassering. En ik bin it mei advokaat Bart Canoy iens. Wy kinne minsken better efkes switte litte as sitte litte."