Gertjan Verbeek nimt Jan de Jonge mei nei FC Twente

30 okt 2017 - 06:52

Gertjan Verbeek tekenet by FC Twente in kontrakt oant en mei de simmer fan 2019. De oergong fan de Jobbegeaster nei de klup yn Enschede is dêrmei definityf. Verbeek nimt Jan de Jonge mei as assistint-trainer. By Twente is Verbeek de opfolger fan René Hake. Dy krige dien fanwege teloarstellende resultaten. Verbeek waard sels yn de tariedingen op dit seizoen ûntslein by de Dútske klup VfL Bochum, dêr't er 2,5 jier wurke hat. Verbeek wurke earder as trainer by Heracles, SC Hearrenfean, Feyenoord, AZ en Nürnberg. "Eltsenien wyt dat ik in emosjonele bining haw mei FC Twente", seit Verbeek. "Ik bin op 500 meter fan it Diekman opgroeid. By wedstriden fan FC Twente yn de jierren '70 en '80 bin ik wolris mei myn maten ûnder it stek troch krûpt om sûnder beteljen te sjen."

Verbeek moat no wol fol oan de bak by syn nije wurkjouwer. "FC Twente hat in geweldige útdaging. De klup moat nei ferrin fan tiid wer konkurreare mei klups as Vitesse, AZ en FC Utrecht en dêr liket it no noch net echt op." Direkteur Jan van Halst hat in soad betrouwen yn de nije oefenmaster. "Hij heeft aangetoond spelers beter te maken. Daarbij eist hij veel van zijn spelers, staf, omgeving en van zichzelf. Dat geldt ook voor Jan de Jonge. Hun werkwijze past binnen het topsportklimaat dat we nastreven. Verbeek heeft ook ervaring met het werken onder moeilijke omstandigheden.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)