VVD Ljouwert wol 'AutoMaatje' yntrodusearje

29 okt 2017 - 22:16
Foto: ANP

De Ljouwerter fraksje fan de VVD wol yn de stêd it saneamde 'AutoMaatje' yntrodusearje. Dit is in service wêrby't frijwilligers harren minder mobile plakgenoaten ferfiere tsjin in lytse ûnkostefergoeding. De service AutoMaatje is opset troch de ANWB. It doel is om âldere en minder mobile minsken sa lang mooglik dielnimme te litten oan de maatskippij.

Yn guon stêden, sa as Lelystêd en Helmond, wurdt de service al brûkt. De VVD wol fan it kolleezje fan B en W fan Ljouwert witte oft it AutoMaatje yn de gemeente yntrodusearre wurde kin.

Trefwurden: 
VVD AutoMaatje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)