Streppel: "Vasthouden aan goede spel in eerste helft"

29 okt 2017 - 20:43

Nettsjinsteande it 2-1 ferlies fan SC Hearrenfean tsjin AZ fan snein, seach trainer Jurgen Streppel dat syn ploech it better die as yn de foargeande wedstriden. "Vandaag heb ik een elftal gezien dat wilde vechten, dat wilde voetballen. Ik heb veel dingen gezien die me tevreden stemmen. We verliezen door een aantal cruciale fouten. Dat doet pijn, maar die horen helaas bij het voetbal."

Streppel fynt it ferlies net fertsjinne. "Ik denk dat wij de eerste helft beter zijn en AZ de tweede helft. Dan was 1-1 meer gerechtigd geweest dan de 1-2." It ferlies is de fjirde op rige yn de kompetysje en de fiifde yn totaal as de nederlaach yn de beker tsjin Willem II meirekkene wurdt.

"Geweldig voor mij als Fries"

Foar basisdebutant Michel Vlap fan Snits begûn de wedstriid as in dream. Hy skoarde yn de 22e minút de 1-0 foar Hearrenfean. "Ik zit nu veertien jaar bij de club. Het moment dat ik het veld op kom en het Fries volkslied hoor, dat is geweldig voor mij als Fries!" Dat er ek noch skoarde makke syn basisdebút hielendal spesjaal. "Dat ik mag scoren in dit stadion is fantastisch. Het was volgens mij een mooie goal", glimket Vlap.

Dochs oerhearsket nei ôfrin fan de wedstriid in ûntefreden gefoel by him: "Ik denk dat we de eerste helft goed speelden. Dat we in de tweede helft twee goals tegen krijgen, daar baal ik echt van."

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)