IIshockeyers UNIS Flyers winne fan Amsterdam

29 okt 2017 - 20:15
Foto: Martin de Jong

De UNIS Flyers fan It Hearrenfean ha sneintejûn de útwedstriid yn de Bene-League tsjin de Amsterdam Tigers wûn. It waard 4-2 foar de ploech fan coach Mike Nason nei de perioadestannen 0-1, 2-2, 0-1.

Ronald Wurm sette de Flyers nei tsien minuten spyljen op foarsprong. Yn de twadde perioade kaam Amsterdam op in 2-1 foarsprong troch goals fan Tobias Kathan en Chris Louwers. Adam Bezak makke fuort dêrnei de lykmakker foar de Flyers en ek de 2-3, sadat de Flyers mei in foarsprong de tredde perioade yn giene. Yn dy lêste perioade wie it opnij Bezak dy't skoarde, sadat de Flyers mei in 4-2 winst yn de bus werom nei It Hearrenfean stappe.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)