Fiifde ferlies op rige foar SC Hearrenfean

29 okt 2017 - 18:39
Foto: AWfoto

Sportklup Hearrenfean hat foar de fiifde kear op rige in wedstriid ferlern, it bekerferlies tsjin Willem II meirekkene. De ploech fan trainer Jurgen Streppel gie sneintemiddei yn it Abe Lenstra Stadion mei 2-1 ûnderút tsjin AZ Alkmaar.

Dream foar basisdebutant Vlap

Utrekkene de Snitser Michel Vlap, dy't foar it earst yn syn karriêre yn de basis stie by Hearrenfean, iepene nei tweintich minuten spyljen de skoare foar de thúsploech. Nei in kombinaasje mei Martin Ødegaard skeat Vlap raak. AZ krige krekt foar it skoft in enoarme kâns op de lykmakker, mar Alireza Jahanbakhsh miste. En sa bleau de 1-0 ek de rêststân.

Guus Til

AZ begûn sterk oan de twadde helte en krige yn koarte tiid in grut tal kânsen. De bal woe der lykwols lang net yn. Yn de 72e minút wie it dan dochs raak foar AZ. Guus Til koe de bal frij ynsjitte nei in foarset fan Jonas Svensson.

Yn de spannende slotfaze, wêryn't beide ploegen op syk wiene nei de winnende treffer, joech Jahanbakhsh de bal foar en opnij Til skoarde foar AZ: 1-2. Hearrenfean sette noch in slotoffinsyf op tou, mar krige de bal der net mear yn.

Troch it ferlies sakket SC Hearrenfean nei it njoggende plak yn de earedifyzje mei 14 punten.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)