Otterbeskermers mooglik nei de rjochter

30 okt 2017 - 06:10

It oantal otters nimt ta. Natuerbeskermers binne dêr bliid mei, mar it smyt wol in probleem op. Want mear otters betsjut dat der nije gebieten socht en fûn wurde om yn it libjen. En reizgjende otters binne tige kwetsber yn it ferkear; dit jier binne der yn alle gefallen al achttjin deariden.

Krekt no't alle bekende knyppunten dêr't soks bart sa goed as oanpakt binne, komme der wer nije knyppunten by. En dêr moat wat oan dien wurde, fynt Addy de Jongh fan de stifting Otterstation Nederland. Mocht dat net barre dan is hy ree om nei de rjochter ta te stappen. Dat hat de stifting al earder dien en mei súkses.

Trefwurden: 
otters
(Advertinsje)
(Advertinsje)