Oanhâldings op feest Abbegea

© Omrop Fryslân
Yn Abbegea is by in feest in 28-jierrige man fan Reahûs oanhâlden foar mishanneling. Hy hie by in rúzje yn de feesttinte oan de Moarrawei in klap útdield.
Wylst de aginten yn de tinte dwaande wiene, sloopte in 16-jierrige jongen fan Drylts in rutewisker fan de plysjeauto. Immen fan de befeiling fan it feest seach dat en de 16-jierrige jonge mocht ek mei nei it plysjeburo.