Katolike mienskip Snits fiert feest

29 okt 2017 - 17:44

Mei in feestlike tsjinst is snein yn Snits úteinset mei de fiering fan twa jubilea; de tsjerke is 145 jier lyn ynwijd en datselde jildt ek foar it begraafplak, mar dat is 125 jier lyn gebeurd. De tsjerke wie moai fersierd en siet goed fol. Pastoar Peter van der Weide fertelde hoe't sa'n ynwijing 145 jier lyn yn syn wurk gie. It barde net hiel regelmjittich dat in biskop nei Fryslân kaam, dus waarden der njonken de Sint Martinustsjerke noch mear Fryske tsjerken ynwijd.

De middeis wie der lêzing mei muzyk op it begraafplak oan de Ljouwerterdyk. Dêr is ek in boek oerlange oer de histoarje fan it begraafplak.

Trefwurden: 
Sint Martinustsjerke Snits
(advertinsje)
(advertinsje)