Jorien ter Mors wer de bêste op 1000, foar Leenstra en Wüst

29 okt 2017 - 17:15

Jorien ter Mors is foar de tredde kear op rige Nederlânsk kampioen op de 1000 meter wurden. Yn iisstadion Thialf wûn se yn de lêste rit fan fjouwerfâldich kampioen Marrit Leenstra, dy't twadde waard. De winnende tiid 1.15.94, Leenstra ried 1.16.18. Ireen Wüst waard krekt as de ôfrûne twa jier tredde mei 1.16.50.

It poadium is de lêste trije edysjes net feroare: Ter Mors, Leenstra en Wüst. Foar Jorien ter Mors wie it har tredde goud fan it toernoai. Earder wûn se de 500 en 1500 meter.

Sanne van der Schaar fan Harns waard sechsde mei in persoanlik rekôr fan 1.16.94.

By de manlju gong de winst nei Kai Verbij. It sulver wie foar Kjeld Nuis, Koen Verweij pakte it brîns. De winnende tiid fan Verbij wie 1.08.30.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)