Jorrit Bergsma kampioen op 10 km, Sven Kramer twadde

29 okt 2017 - 16:28

Jorrit Bergsma is foar de fjirde kear Nederlânsk kampioen wurden op de 10.000 meter op it iis fan Thialf by it NK ôfstannen. Bergsma, Olympysk kampioen fan Sotsji en ferline jier ek de bêste, wist wat er yn de lêste rit ride moast om Sven Kramer en Erik Jan Kooiman foar te bliuwen.

Kramer moast der hurd foar wurkje, mar hy fersloech Kooiman: 12.58.02 om 12.59.48. Jorrit Bergsma ried op it skema fan Kramer en die dat sa goed dat er de hiele rit ûnder de tiid fan Kamer, seisfâldich kampioen op de 10 km, bleau. De winnende tiid fan Bergsma wie 12.55.83. Jan Blokhuijsen waard fjirde, Jouke Hoogeveen fiifde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)