Ferlies foar Snits Wyt Swart, winst VV Hearrenfean

29 okt 2017 - 15:55

Snits Wyt Swart hat sneintemiddei yn de haadklasse A fan it sneinsfuotbal ferlern fan Alphense Boys. De gasten wûnen mei 1-0 yn Snits. SWS kaam nei goed in healoere op efterstân troch in goal fan Thijs Hoogenboom en dat wie ek de rêststân. Yn de twadde helte moast de thúsploech mei tsien man fierder nei in twadde giele kaart foar Harvey de Boer. Der waard yn de twadde helte net mear skoard.

VV Hearrenfean wûn de útwedstriid by Jong Achilles '29. Yn Groesbeek waard it 3-1 foar de Feansters. Achilles kaam yn de earste helte op 1-0, mar Hearrenfean makke yn de twadde helte trije goals en naam sa trije punten mei werom nei Fryslân. By Achilles krigen mear leafst trije spilers in reade kaart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)