Tennisser Sander Arends wint Challenger fan Brest

© Omrop Fryslân
Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat de finale fan it Challengertoernoai yn it Frânske Brest wûn. Yn de finale wie hy tegearre mei syn Kroätyske maat Antonio Sancic te sterk foar it duo Sharan/Clayton. It waard 6-4 en 7-5.
Yn de earste set pakten Arends en Sancic yn de earste game fan de set in break. Dat wie genôch om de set te winnen. Yn de twadde set kaam it Frysk/Kroätyske duo werom fan in 2-5 efterstân. Op 6-5 koe Arends dernei de wedstriid útservearje.
Arends wûn ferline jier ek al it toernoai yn Brest. Hy pakt 110 punten op de wrâldranglist. Dêrop stiet hy no op it 119e plak. Takom wike spilet hy mei de Tsjech Roman Jebavy in toernoai yn it Dútske Eckental.