Antoinette de Jong pakt wer goud, Kleibeuker twadde op 5000

29 okt 2017 - 14:24

Antoinette de Jong (22) hat har twadde gouden medalje op it NK ôfstannen yn Thialf te pakken. Nei de winst op de 3000 meter op freedtejûn pakte se no it earste plak op de 5000 meter yn in hiele spannende lêste rit tsjin Carien Kleibeuker (39). Kleibeuker, de kampioen fan de lêste trije jier en yn 2014 goed foar Olympysk brûns, like opnij te winnen, mar yn de lêste twa rûntsjes makke Antoinette de Jong it ferskil: 6.59.65 om 7.00.38. Carlijn Achtereekte waard tredde yn 7.00.86.

(Advertinsje)
(Advertinsje)