"Katalanen net ienriedich oer ûnôfhinklikens"

29 okt 2017 - 14:20

Tsientûzenen minsken yn Barcelona binne snein de strjitte opgien, omdat se by Spanje bliuwe wolle. De Katalanen binne ferdield oer de takomst. Lang net elkenien is foar de ûnôfhinklikens. Dat fernimt ek Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena dy't yn de Katalaanske haadstêd is.

Takomst ûndúdlik

"As't mei minsken praatst, fernimst dat der eins trije groepen binne: minsken dy't foar ûnôfhinklikens binne, minsken dy't dêrop tsjin binne en der binne ek in soad dy't in ôfwachtsjende hâlding oannimme. It is ek absolút net dúdlik hoe't it no fierder giet. Puigdemont wit dat premier Rajoy fise-premier Soraya Sáenz de Santamaria oansteld hat om syn taken oer te nimmen, mar hy seit dat dat hielendal net kin, omdat Kataloanië ûnôfhinklik is en neat mear mei Madrid te krijen hat."

Wrâldskiednis

Hoe't it ôfrinne sil, is folslein ûndúdlik, mar dat Onno histoaryske dagen meimakke hat yn Barcelona is wol wis. 'Hjir is wrâldskiednis skreaun', sa sei ús ferslachljouwer yn it radioprogramma Buro de Vries. "it wie in pikefelmomint" seit er, as him frege wurdt nei de ûnôfhinklikheidsferklearring fan Katalonië op freed 27 oktober. Falkena wie yn Barcelona doe't it Katalaanske parlemint him freed útspruts foar de ôfskieding fan Spanje. 'Minsken rûnen mei triennen yn de eagen, wiene sa ferskuorrende bliid". Us ferslachjouwer heakket der oan ta dat de sfear yn de Katalaanske haadstêd net grimitich is. "It gewoane libben giet gelokkich gewoan troch. Minsken dogge boadskippen en sitte op terraskes. Alle demonstraasjes ferrinne gelokkich sûnder geweld."

Trefwurden: 
Kataloanië Onno Falkena
(Advertinsje)
(Advertinsje)