Benefytkonsert: Help sike Stijn (13) oan in helphûn

30 okt 2017 - 07:00

Yn Marrum wurdt freed in benefytkonsert hâlden foar de sike Stijn Douma. Stijn is trettjin jier en hat slimme skea oan de harsens. Dêrtroch kriget er geregeld swiere epilepsy-oanfallen. Yn septimber is de ynsammelaksje foar in helphûn foar Stijn begûn. Der is no 8331 euro binnenkaam fan de 40.000 dy't nedich is. Mei sa'n helphûn wurdt it libben fan Stijn en syn famylje nofliker, omdat der dan net 24 oeren op in dei in oare persoan by him hoecht te wêzen, lykas dat no it gefal is. In helphûn fielt in healoere yn it foar oan dat Stijn in oanfal kriget. Hy kin derfoar soargje dat Stijn yn feilichheid brocht wurdt.

Medyske flater

Stijn wie sân jier en sûn, doe't er op de camping troch in mich stutsen waard. As gefolch dêrfan hat er in libbensbedriigjende firusynfeksje oprûn. De skea oan syn harsens is dêrnei troch in medyske flater ûntstien.

Benefyt

Myrthe, de âldere suster fan Stijn, hat mei in groep freonen it benefytkonsert organisearre. Harren heit en mem wisten fan neat. No freed 3 novimber fan njoggen oere de jûn ôf spylje WadLeuk! en Freeway yn it doarpshûs fan Marrum. Kaartjes kostje 5 euro en kinne by de doar kocht wurde. In diel fan dat jild sil brûkt wurde foar de helphûn foar Stijn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)