Nije miny-flintersoart ûntdutsen yn Fryslân

Op in soad plakken yn Fryslân, Grinslân en Drinte is in nije miny-micro-flintersoart oantroffen. Benammen yn it Lauwersmargebiet. Dat meldt naturetoday.com. Earder dizze moanne waard de soarte fûn by Gieterveen yn Drinte, wêrnei't in syktocht begûn nei mear eksimplaren. Dy binne op in hiel soad plakken fûn. Saakkundigen sprekke fan in tige ferrassende fynst.
Nei alle gedachten is de soarte op eigen krêft hjirhinne kaam, mooglik fanút Dútslân. De soarte hat noch gjin Nederlânske namme. Der is foarsteld om him 'smalle wilgenmineermot' te neamen. De soarte is foaral bekend fan Súd- en Midden-Europa, mar komt ek foar yn Azië.