Skippen yn de problemen op Noardsee

29 okt 2017 - 10:50

Op de Noardsee binne snein twa skippen yn problemen kaam troch it minne waar en de hurde wyn. In opfarrende fan in kontenerskip rekke swierferwûne troch in ûngelok oan board. Dat wie noardwestlik fan Flylân. It is ûnbekend wat der krekt bard is. It skip hat ek in kontener ferlern. It ferwûne bemanningslid is mei in helikopter nei it AMC yn Amsterdam brocht.

Boppe Skylge kaam ek in skip yn de problemen. Der is in hege golf tsjin it skip oanslein, wêrtroch't de Drifa flinke skea oprûn. De ruten fan de brêge fan it skip binne stikkenslein en it roer docht it net mear. De Kustwacht hat in skip en in helikopter nei it skip stjoerd om de fjouwer opfarrenden te helpen. De KNRM is ek mei meardere boaten útfearn.

UPDATE: De Drifa is oan in oar skip fêstmakke en sil sa nei de haven sleept wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)