Claudy Jongstra iepenet LF2018-projekt yn Grins

Claudy Jongstra (argyffoto) © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De ferneamde keunstneres Claudy Jongstra iepenet woansdei yn Grins har 'aste No Waste -projekt. Moarns stapt se yn Ljouwert yn de trein mei boargemaster Crone fan Ljouwert en direkteur Tjeerd van Bekkum fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd (LF2018). Dêrfoar hat Jongstra sels in treinkûpee oanklaaid. Mei-elkoar iepenje se de Waste-No-Waste-Shelter yn Grins. Dat is in wurkplak dêr't minsken tsien dagen lang terjochte kinne foar bygelyks workshops mei tekstyl. Ek binne der lêzings en byienkomsten mei bedriuwen lykas Omrin en Philips. Fierders wurdt der itensean mei griente- en fruitôffal.
Op it festival wurdt ek wurke oan in keunstwurk. Dat sil dêrnei oer de hiele wrâld reizgje.