Bewenner achterfolget ynbrekkers: arrestaasje

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat sneontemiddei twa minsken oanhâlden foar in ynbraak yn in wenning oan it Nij Rapenburg yn Ljouwert. It giet om in famke fan 17 jier en in 22-jierrige man, beide út Ljouwert. De twa waarden troch de bewenner op 'e die trappearre.
De ynbrekkers naaiden út op 'e fyts en de bewenner gie der achteroan. Yntusken warskôge er de plysje. Dy koe de beide fertochten oanhâlde en meinimme nei it buro. De fytsen binne yn beslach naam. Ien fyts wie stellen.