Soad nije ynformaasje oer Hells Angels troch plysjekontrôle

Twa minsken oppakt, fjouwer auto's yn beslach naam en foaral in soad nije ynformaasje oer leden fan de Hells Angels yn binnen- en bûtenlân. Dat is it resultaat fan de grutte plysjekontrôle fan sneon by it kluphûs fan de Hells Angels yn Harns. Der binne ek meardere boetes útdield foar ferkearsoertredings. De plysje hat de hiele aksje filme, sadat se de bylden weromsjen kinne.
Oanlieding foar de plysjekontrôle wie it 25-jierrich jubileumfeest fan de ôfdieling North Coast fan de Hells Angels yn it Harnzer kluphûs. Dêr kamen hûnderten leden út binnen- en bûtenlân op ôf. Oan de aksje diene tsientallen plysjes mei, ek út Dútslân. De dûane, de belestingtsjinst en de maresjaussee die ek mei. Sy kontrolearren op iepensteande selstraffen, boetes en belestingskulden en op wapenbesit. Der is in noch ûnbekend bedrach oan iepensteande belestingskulden ynbard. Ien fan de minsken dy't oanholden is, is de Sergeant at Arms fan it Harnzer chapter. Dat is de dejinge dy't oarder hâldt binnen de motorklup.