Stoarmskea yn Fryslân

29 okt 2017 - 08:25

Troch de stoarmige wyn is sneontenacht in frachtskip noardwestlik fan Flylân yn de problemen kaam. In bemanningslid is swier ferwûne rekke. Hy is mei in helikopter fan board helle en nei it sikehûs brocht. Ek hat it frachtskip in kontener ferlern. Der kamen sneintemoarn betiid meardere meldings binnen fan stoarmskea. Dy kamen út Waskemar, Wynjewâld, Hoarnstersweach en Ljouwert. Op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert drige in beam op de dyk te fallen. De plysje en de brânwacht hawwe de dyk tydlik ôfsletten. Troch de stoarmige wyn wie de beam skeef kommen te stean. De beam is omseage.

Merk

De Gordykster Merk giet snein fanwege de hurde wyn net troch. De organisaasje fynt it ûnferantwurde om de kreamkes by de grêft op te bouwen. De keapsnein en de merke (de kermis) gean wol gewoan troch.

(advertinsje)
(advertinsje)