Brassband De Wâldsang Nederlânsk kampioen

29 okt 2017 - 07:17

De Wâldsang út Bûtenpost is sneon op de Nederlânske Brassbandkampioenskippen yn Utrecht kampioen wurden yn de heechste difyzje. Under lieding fan Rieks van der Velde behelle de band mar leafst 97 fan de 100 punten foar de fertolking fan Handel in the Band fan de komponist Kenneth Downie. De lêste kear dat De Wâldsang Nederlânsk kampioen waard, wie yn 2009. Troch de oerwinning fan sneon meie se maaie takom jier meidwaan oan de Europeeske kampioenskippen dy’t dan hâlden wurde yn Utrecht.

Tredde waard De Bazuin A fan Oentsjerk. Sy behellen ûnder lieding fan dirigint Klaas van der Woude 95 punten. Soli Brass Ljouwert ûnder lieding fan Anne van der Berg waard fiifde.

De Spikerpakkeband fan De Gordyk, dy’t foar de earste kear meidie op it heechste nivo, behelle 84 fan de 100 punten.


Trefwurden: 
brassband De Wâldsang
(Advertinsje)
(Advertinsje)