Aggie Walsma tredde by KPN Maraton Cup yn Elfstedenhal

Aggie Walsma fan Boalsert is sneontejûn tredde wurden by de twadde KPN Maraton Cup fan it seizoen yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. De winst gie nei Francesca Lollobrigida. Janneke Ensing waard twadde.
Evert Hoolwerf wûn de wedstriid by de manlju. Foarige wike wie hy ek al de rapste yn Amsterdam. Yn de Elfstedenhal wie Hoolwerf sterker as Crispijn Ariëns fan Wolvegea en Leander van der Geest.