Ferlies foar iishockeyers UNIS Flyers tsjin Den Haag

28 okt 2017 - 22:43
Marco Postma fan UNIS Flyers - Foto: Martin de Jong

De UNIS Flyers ha sneontejûn de kompetysjewedstriid tsjin Hijs Hokij Den Haag ferlern. Yn it Thialfstadion waard it 3-2 foar Den Haag, nei de perioadestannen 1-0, 1-1 en 0-2.

Adam Bezak iepene yn de earste perioade de skoare foar de thúsploech. Yn de twadde perioade kamen de Flyers op 2-0 troch in goal fan Tony Demelinne. Joey Oosterveld makke direkt dêrnei de oanslutingstreffer foar Den Haag. Yn de tredde perioade skoarde Maurice van der Schuit de 2-2 foar Den Haag. Yan Turcotte waard oan 'e ein fan de wedstriid hindere troch in lid fan de arbitraazje, wêrnei't Den Haag útbrekke koe en de 3-2 skoarde.

De Flyers spylje snein tsjin Amsterdam.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)