Nije brânwachtkazerne Surhústerfean komt oan de Lauwerswei

28 okt 2017 - 19:40
Foto: ANP

De nije brânwachtkazerne fan Surhústerfean komt oan de Lauwerswei, oan de râne fan it doarp. De brânwacht hat dêr dizze wike de grûn kocht dêr't dy kazerne op boud wurde moat. De âlde kazerne by it sintrum fan it doarp foldocht net mear. Takom simmer wurdt begûn mei it bouwen fan de nije kazerne. Der komt ek in plak om de brânwachtauto's te waskjen en der is romte foar oefeningen.

(advertinsje)
(advertinsje)