Brassband Excelsior Ferwert winner twadde difyzje NBK

28 okt 2017 - 18:54
Foto: John Blanken

Brassband Excelsior Ferwert, ûnder lieding fan Herman Sibma, is by de NBK kampioen wurden yn de twadde difyzje. De Nederlandse Brassband Kampioenschappen (NBK) wurde dit wykein yn Utrecht hâlden. De trije oare Fryske bands yn de twadde difyzje, Gloria Dei Gerkeskleaster, De Lofklank fan Oerterp en De Bazuin B Oerterp kamen net fierder as it 5e, 7e en 8e plak.

Sneontejûn wurdt der noch striden om de prizen yn de kampioensdifyzje. Fan de tsien dielnimmers yn dizze klasse komme der mar leafst fjouwer út Fryslân.

Trefwurden: 
NBK Excelsior Ferwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)