Plysje trapearret ynbrekkers

30 okt 2011 - 13:41
Foto: Omrop Fryslân

Twa minsken binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden yn Ljouwert foar it ynbrekken yn in bedriuw oan de Greunswei. De ynbraak wie om ûngefear healwei seizen. Yn in auto tichtby fûn de plysje twa manlju; in 25-jierrige man út Drachten en in 27-jierrige man sûnder fêst adres.

Yn de kofferbak lei ynbrekkersark en in pear meter achter de auto fûnen de aginten in klûs dy't stellen wie út it bedriuw. Beide fertochten binne meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
ynbrekkers Greunswei
(Advertinsje)
(Advertinsje)