ONS Snits pakt punt tsjin koprinner Jong Almere City

28 okt 2017 - 17:59
Foto: AWfoto

ONS Snits hat sneontemiddei lykspile tsjin Jong Almere City. It thúsduel fan de ploech fan trainer Chris de Wagt tsjin de koprinner yn de tredde difyzje einige yn 1-1.

ONS kaam op foarsprong troch in goal fan Genridge Prijor. Arton Musliu makke koart dêrnei hast de 2-0, mar syn kopbal gie krekt neist. De ploegen giene it skoft yn mei in 1-0 foarsprong foar Snits op it skoareboerd. Yn de twadde helte kaam Jong Almere City op 1-1.

ONS Snits stiet no op it sechstjinde plak yn de tredde difyzje mei 8 punten.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)