Dai Dai Ntab opnij de bêste op de 500 meter

28 okt 2017 - 17:57

Dai Dai Ntab wie krekt as ferline de bêste sprinter op it NK ôfstannen yn Thialf. Mei 34.67, in kampioenskipsrekôr, wûn er de 500 meter. Ronald Mulder waard mei 34.69 krekt as ferline jier twadde. It tredde plak wie foar de wrâldkampioen sprint Kai Verbij yn 34.95. Hein Otterspeer waard fjirde en Jan Smeekens fiifde. Dizze fiif sprinters ride de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden. Jesper Hospes waard achtste yn 35.52 en Sjoerd de Vries alfde yn 35.65.

Trefwurden: 
reedriden NK Dai Dai Ntab
(Advertinsje)
(Advertinsje)