Harkemase Boys thús te sterk foar Jong FC Volendam

28 okt 2017 - 17:08
Foto: AWfoto

Yn de tredde difyzje fan it sneonsfuotbal hat Harkemase Boys wûn fan Jong FC Volendam. Op eigen fjild waard it 2-1 foar de ploech fan trainer Henk Herder. Jesse Renken en Yannick Kaluzi skoarden foar de Harkiten.

Volendam kaam yn Harkema nei in kertier spyljen op foarsprong troch in doelpunt fan Hilterman. De Harkiten kamen yn de earste helte noch op gelikense hichte troch in penalty, dy't ynsketten waard troch Jesse Renken. Stan Veerman fan Volendam begie in oertrêding op Tom Boezerooy, wêrnei't de skiedsrjochter de penalty takende. Krekt foar rêst krige Volendam in grutte kâns om wer op foarsprong te kommen, mar de bal einige op de latte en sa giene beide ploegen mei in 1-1 de rêst yn. Yannick Kaluzi makke krekt foar tiid de winnende treffer foar Harkema nei in foarset fan Jens Jurn Streutker.

Troch de winst stiet Harkemase Boys no op it sânde plak fan de tredde difyzje mei 16 punten.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(Advertinsje)
(Advertinsje)