Jorien ter Mors wint 1500 meter foar Wüst en Leenstra

28 okt 2017 - 16:56

Jorien ter Mors pakte op it NK ôfstannen op it iis fan Thialf foar de tredde kear de winst op de 1500 meter. Mei oermacht wûn se yn 1.54.93. Ireen Wüst, al sân kear de bêste op dizze ôfstân, waard twadde yn 1.56.17. Marrit Leenstra wie mei 1.56.64 de tredde frou op it poadium. Wrâldbekerplakken wiene der ek foar nûmer fjouwer Antoinette de Jong (1.57.47) en nûmer fiif Lotte van Beek (1.57.68).

(Advertinsje)
(Advertinsje)