Deade frou (57) Wâlterswâld net omkommen troch misdriuw

28 okt 2017 - 16:41

In needlottich ûngelok mei de fyts wie de oarsaak fan de dea fan de frou dy't sneontemoarn yn in sleat by Wâlterswâld fûn waard. It giet om in 57-jierrige ynwenster fan it doarp. Dat meldt de plysje. De frou waard sneontemoarn om njoggen oere hinne oantroffen yn in sleat by de Dokkumerloane.

De pleatslike fuotbalklup VIOD hat fanwegen de omstannichheden sneon alle thús- en útwedstriden ôfsein.

Trefwurden: 
deade Wâlterswâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)