UPDATE: Grutte plysjekontrôle by kluphûs Hells Angels Harns

28 okt 2017 - 16:29

By it kluphûs fan de Hells Angels yn Harns binne sneontemiddei en -jûn by in grutte plysjekontrôle twa minsken oanholden. Yn it kluphûs waard in besletten feest organisearre omdat de motorklup syn 25-jierrich bestean fierde. Op it feest wiene hûnderten leden út binnen- en bûtenlân oanwêzich. Sy binne allegear kontrolearre op wapenbesit, belestingskulden en iepensteande selstraffen en boetes. In oar doel fan de aksje wie om it ledebestân yn kaart te bringen.

Oanhâldingen

Der binne twa fertochten oanholden foar mislediging fan de plysje. Ien fan harren is Sergeant at Arms fan it chapter Northcoast Harlingen. Dit is de persoan dy't ferantwurdlik is foar de dissipline binnen de klup. By de kontrôle binne ek fjouwer auto's yn beslach naam foar it barren fan belestingskulden.

Oan de kontrôle diene tsientallen plysjes, maresjaussee en minsken fan de belestingtsjinst mei. Der wiene ek plysjes út Dútslân by.

(Advertinsje)
(Advertinsje)