Aparte ôfdieling foar heiten yn finzenis Ljouwert

28 okt 2017 - 16:03

De Ljouwerter finzenis krijt in aparte ôfdieling foar kriminelen dy't bern ha. Dêrtroch soe de kâns op residive minder wurde. Fan ien jannewaris ôf wurdt in groep fan tweintich heiten op in aparte ôfdieling byinoar set. Dêr is ek in aparte famyljekeamer dêr't de heiten mei de bern knuffelje kinne sûnder dat der kamera's of finzenis-oppassers by binne.

Yn maart makke Omrop Fryslân in reportaazje oer dizze famyljekeamer.

Trefwurden: 
finzenis Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)