Sven Kramer foar de tsiende kear kampioen 5000 meter

28 okt 2017 - 15:55

Sven Kramer bliuwt de kening fan de 5000 meter. Op it NK ôfstannen yn iisstadion Thialf pakte hy syn tsiende titel en de sechsde op rige op de 5000 meter. De regearjend Olympysk- en wrâldkampioen sette as winnende tiid 6.16.15 del. Jorrit Bergsma waard mei 6.17.16 foar de fiifde kear op rige twadde. It brûns wie foar Erik Jan Kooiman yn 6.19.59. Op it fjirde plak einige Bob de Vries yn 6.20.034, Jan Blokhuijsen waard yn 6.20.037 fiifde. Dizze fiif riders sille it wrâldbekersirkwy yn.

Douwe de Vries waard sânde en Arjan Stroetinga alfde.

Kramer: ''It wie in prima rit''

Sven Kramer fûn de rit oké gean: ''It wie in prima rit. De omstannichheden binne wol pittich. Der wurdt op dit momint net hiel hurd riden, mar it is oké.'' Jorrit Bergsma fynt syn twadde plak goed genôch foar dit momint: ''Ik bin tefreden. Foar no is it prima. Wy stean relatyf koart op it iis en hawwe noch gjin fiif kilometer riden dus it is altyd efkes ôfwachtsje hoe't it dan giet. Yn it begjin kaam it in bytsje dreech, mar op it lêst koe ik him goed ôfbouwe. Twadde is foar no prima.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)