Lykspul sealfuotbalsters Avanti en Drachtster Boys

28 okt 2017 - 15:32
Avanti - Foto: Avanti

De sealfuotbalfroulju fan Avanti út Stiens ha freedtejûn de earedifyzjewedstriid tsjin Hovocubo Hoorn net winne kind. It waard 2-2. Nei de earste helte stie Avanti noch mei 2-0 foar, mar yn de lêste minuten fan de wedstriid kaam Hoorn op likense hichte. Foarich seizoen hat Avanti twa kear fan Hoorn ferlern.

Ek de froulju fan Drachtster Boys spilen freedtejûn mei 2-2 lyk tsjin Nieuw Roden. De doelpunten foar Drachten waarden makke troch Esther van Toledo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)