Ferwûne kat dy't rit ûnder auto oerlibbe is wer thús

© News United / Stefan Verkerk
De kat dy't freed in rit fan goed 60 kilometer ûnder in auto fan Wolvegea nei Wezep oerlibbe hat, is wer thús. De eigener hat it bistje wer ophelle, dat meldt it asyl yn Kampen dêr't it opfongen waard. De kat siet fêst ûnder de auto, en moast de hiele rit de kop omheech hâlde om net mei de snút oer it asfalt te reitsjen.
Neffens in meiwurker fan it asyl hat it bist noch wol even tiid nedich om te werstellen. De kat hat lêst fan de poat, en bloed op 'e snút. De eigener fan de kat wennet ek yn Wolvegea, mar wol leaver net mei de media prate.