Basisdebút foar Michel Vlap by SC Hearrenfean

28 okt 2017 - 14:58
Michel Vlap - Foto: AWfoto

Michel Vlap begjint snein tsjin AZ foar it earst yn de basis. Hy spilet yn it plak fan Marco Rojas. Trainer Jurgen Streppel feroaret lykwols mear. Ek Lucas Woudenberg is syn basisplak kwyt. Hy spile de lêste wedstriden al minder en makke tsjin Willem II ôfrûne woansdei in krúsjale flater, wêrtroch't Hearrenfean út de beker leit. It plak op de linksback wurdt ynnaam troch Kik Pierie. Dêrtroch is der in basisplak foar Nicolai Naess. De Noar spilet sintraal yn de ferdigening mei Daniel Høegh.

Vlap spile oant no ta allinnich as ynfaller en kaam dit seizoen fiif kear as ynfaller yn aksje. Ferline jier makke de Snitser tsjin Ajax op 27 novimber 2016 syn debút.

Opstelling: Hansen, Dumfries, Høegh, Naess, Pierie, Schaars, Kobayashi, Thorsby, Odegaard, Reza en Vlap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)