Sânhûndert ruters hâlde Keale Dunen keal

Goed sânhûndert ruters dogge dit wykein mei oan de sânde edysje fan de Autumn Desert Trail. Mei harren hynders ride se oer de Keale Dunen fan Nasjonaal Park it Drents-Friese Wold. Bedoeling is dat de bisten it sân losmeitsje, sadat de dunen net tichtgroeie mei gers en boskjes.
Alle kaartsjes binne dit jier útferkocht. En dat wylst it der earst op like dat it evenemint hielendal net trochgean soe, want Steatsboskbehear krige de organisaasje net foarinoar.