Organisaasjes ûndersykje boatynsidinten mei brêgen

28 okt 2017 - 14:11
De brêge by Skûlenboarch wie moannenlang stremd foar auto's nei in oanfarring fan in skip - Foto: De Vries Media

Ferskate organisaasjes ûndersykje mei-inoar hoe't it kin dat hieltyd boaten tsjin brêgen oan farre. Dat meldt RTV Noord.

Neffens de brânzje-organisaasje foar de binnenfeart binne der yn Noard-Nederlân yn ferhâlding in soad ynsidinten. Freed noch botste in kraanskip tsjin in brêge oer it kanaal by Strobos. En oan it begjin fan it jier hat in brêge by Skûlenboarch moannenlang ticht west foar autoferkear, neidat der in binnenfeartskip tsjinoarn fearn wie.

Trefwurden: 
oanfarring boat brêge
(advertinsje)
(advertinsje)