Special Olympics-evenemint mei swimmen en fuotbaljen

Mear as twahûndert sporters mei in ferstanlik hendikep dogge sneon mei oan it Special Olympics-fjildfuotbal en -swimevenemint op It Hearrenfean. Dat wurdt hâlden yn it swimbad fan Sportstêd Hearrenfean en op de fjilden fan fuotbalferiening Nijskoat. Yn it swimbad wie sneontemoarn de offisjele start, mei it oanstekken fan de Special Olympicsflam. De wedstriden stean iepen foar ferstanlik hendikepten fan 8 jier en âlder, dy't op syn minst in healjier traind hawwe yn harren sport. Mar by sa'n evenimint giet it om mear as sport allinnich. De kompetysje wurdt kombinearre mei muzyk en in soad wille, wêrmei't it ek in smûke dei wurdt.