Jan Bruining: Wêr kinne myn trekkers hinne

28 okt 2017 - 12:13

Op in trekker ride hat er al mear as in jier net dien. Yn syn wurkplak stiet in ûntmantele trekker al skoften te wachtsjen "It wol net mear." Jan Bruining fan Ingelum hat in yndrukwekkende samling trekkers yn syn loadsen yn Ingelum, mar hy siket oar plak foar se. Bruining is siik en wol foar syn dea witte wêr't syn trekkers telâne komme.

De samling fan tusken de 35 en 40 trekkers, ferskillende boereweinen en wat âlde frachtauto's, hat in grutte emosjoniele wearde: "Dizze âlde Cormick wie fan ús heit, hy kocht him yn 1949 en hy hat foar ús bedriuw wurke oant de ein."

Sa stiet der mear guod fan it leanbedriuw dat Bruining tegearre mei syn heit hie. "Ik ha ek trekkers dêr't ik fierders neat mei haw, mar dy't ik kocht haw om in searje folslein te meitsjen." Leanbedriuw Bruining is yn 1991 ferkocht. Yn de trije grutte loadsen op it hiem groeide de samling âld lânbouwguod troch.

Bruining is siik. Hy hat lêst fan de longen. "Ik hie my it âlder wurden hiel oars foarsteld. As ik hjir sit, liket it hiel wat. Mar as ik in stikje rinne moat, is it niks mear." Bern hawwe hy en syn frou net. Bruining wol syn trekkers net ferkeapje, de samling moat sa folle mooglik byelkoar bliuwe, hy wol net dat se yn hannen fan hannelers komme. Syn earste idee wie om it doarp Ingelum in trekkermuseum nei te litten. Mar dat plan rûn op neat út.

In pear jier lyn hawwe minsken fan it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld by him west te sjen. Dy hienen doe neffens Bruining wol earen nei in part fan syn samling. "Net alles, mar bygelyks ús trekkers fan it leanbedriuw, dêr wie ik al tige wiis mei." Mar in pear wike lyn die bliken dat it museum gjin plak hat foar syn trekkers. It lânboumuseum sil fan 't winter ferhúzje en is dwaande mei it gearstallen fan de nije kolleksje. Mear romte foar grut materiaal is der, yn fergelyk mei de âlde sitewaasje yn Earnewâld, spitigernôch net bykommen. Miskien hawwe se plak foar ien of twa trekkers fan Bruining, mar dêr wol hy net oan.

It docht Bruining sear. Net allinnich fanwege syn persoanlike ferhaal, mar ek omdat er fynt dat dit Fryske argraryske guod bewarre bliuwe moat foar letter. "Je moatte dit guod dochs oanreitsje kinne, om hinne rinne kinne en op sitte kinne. Foar in digitaal plaatsje fan in trekker hoege jo net nei in museum. Dat kinne jo thús ek wol besjen." Op de nije museumlokaasje is wol romte, mar jild om in loads te bouwen is der net. Bruining hie sels syn jild neilitte wollen oan it museum omdat hy en syn frou gjin bern hawwe. Hy hopet dat der dochs noch earne jild beskikber komt, sadat it museum in loads bouwe kin om grut materieel yn sjen te litten.

Teloarsteld stoareaget Bruining yn 'e loads oer syn trekkers, ferskillende mei lekke bannen en allegearre ûnder in grutte laach stof. Oan in part derfan moat ek noch aardich sleutele wurde, wolle se wer ride kinne. Mar dêr hat Bruining wol in oplossing foar: "Jo soenen der in wurkprojekt fan meitsje kinne foar wurkleazen of lêstige jongeren of sa. Se meie it guod fan myn wurkplak ek sa oernimme."

Jan Bruning is ien fan de inisjatyfnimmers fan de trekker-11stêdetocht. Tweintich jier lang siet er yn de organisaasje. "Ik haw it eins wol yn 'e holle om takom jier noch ien kear mei te riden. Dan wol yn in trekker mei kabine, mar dat hinget der hielendal fan ôf hoe't ik my dan fiel."

Henk Dijkstra, direkteur fan it Frysk Lânboumuseum, begrypt de teloarstelling fan Jan Bruining. Se binne noch dwaande mei it gearstallen fan de kolleksje fan it nije museum.

Harkje nei it folseine petear mei Jan Bruining yn Buro de Vries.

Trefwurden: 
Lânboumuseum Jan Bruining
(Advertinsje)
(Advertinsje)