Kollum: "John Wayne mei seksboekje trappearre"

"Der wie opmerklik nijs dizze wike. In plysjeman út Garfield County, yn de Amerikaanske steat Oklahoma, seach in auto foarbykommen dy’t ryklik hurd ried, tocht er. Hy gie der daliks achteroan fansels en konstatearre: Njoggentich op in stik dyk dêr’t jo santich meie is te fluch, dus sette er de bestjoerder oan de kant. Der bart meastentiids net al te folle spannends yn Garfield County, dus is it wol nuver dat dizze ferkearsoertrêding it wrâldnijs helle. Ik sil jim even it teletekstberjocht foarlêze.
De politie in Oklahoma heeft een man aangehouden die nagenoeg naakt in zijn auto zat, met naast hem een opgengeslagen pornoblaadje. De 54-jarige John Wayne Kellerman werd aangehouden na een kleine verkeersovertreding. Toen de agent de bestuurder aansprak, viel het hem op dat de man alleen een piepklein zwembroekje droeg. En hij glom als een spiegel door een dikke laag vaseline op zijn lichaam. Kellerman, die 27 jaar in de gevangenis heeft gezeten voor allerlei misdaden, bleek zonder rijbewijs rond te rijden. Na een nacht in de cel en een flinke douche mocht hij naar huis.
Ik haw even fierder socht. John Wayne Kellerman liket wol wat op Johan Derksen as dy syn burd wat groeie lit. Hy hat fêstsitten foar húslik geweld, stellen fan auto’s, ynbraken en besit fan ferdôvjende middels. Mar hy wie no dus even frij man.
Us John Wayne hat fansels in soad yn te heljen nei al dy jierren efter de tichte doar. De plysje frege oan him oft er flak foar syn arrestaasje ek dwaande west hie mei himsels te befredigjen, dat nei oanlieding fan dat boekje dat njonken him lei. Dêr antwurde er ynstimmend op. It stjoer en de stuollen fan de auto wienen sa glêd fan al de faseline, dat der eins mei goed fatsoen net mear mei riden wurde koe.
Dan wurde jo ergens yn oktober oanholden, fan boppen oant ûnderen ynsmard mei faseline yn in lytse swimbroek, mei in seksboekje op de byridersstoel. Tsja, dan bliuw ik mei wat fragen sitten. As earste kaam yn my op dat pornobledsjes wol hiel bot út de tiid binne. Soe ús John Wayne yn dy 27 jier finzenis net meikrigen hawe dat ditsoarte saken tsjintwurdich digitaal mei bewegende bylden ek beskikber binne? Dat soe al in teken wêze dat der net folle oan edukaasje en reyntegraasje dien wurdt yn de local county jail fan Oklahoma.
As twadde soe ik graach witte wolle watfoar kleur swimbroek oft eroan hie. Ik koe it net fine, mar miskien is er ergens op in plaatsje Dries Roelvink tsjinkaam en hat him dat ynspirearre om der krekt sa by te rinnen. Ik wit it net, mar ik tink even hurdop. Sjoch, mocht dat sa wêze, kin ik dy faseline ek wer wat better teplak bringe. Dries glimt ek altyd as Erdal as jo in foto fan him googelje yn dy giele swimbroek.
Hoe dan ek, it wie al mei al wol in fiis saakje, dêr yn Garfield County. Goed wykein."