Hurde wyn ferwachte: oanpaste boattiden Flylân

Fearboat Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rederij Doeksen hat de tsjinstregelling oanpast foar boaten fan en nei Flylân fanwege de hurde wyn dy't jûn en fannacht komme sil. Neffens waarman Piet Paulusma kinne der wynstjitten komme fan wynkrêft 10. It KNMI hat koade giel ôfjûn foar de kommende nacht foar Fryslân en foar de oare kustprovinsjes. De hurde wyn drukt de wettermassa's om samar te sizzen omheech. Op guon plakken op de Waadsee stiet it wetter mear as in meter heger as normaal.
Rederij Doeksen meldt dat de boaten tusken Harns en Skylge wol neffens de reguliere tsjinstregeling farre.