Streekboer driget mei pûkelpompoenen sitten te bliuwen

28 okt 2017 - 09:14

De aksje om 125.000 saneamde pûkelpompoenen te rêden, like goed op wei, mar foar de measte pompoenen is noch gjin bestimming fûn. As dy der net binnen twa wiken komt, bliuwe 90.000 pompoenen op it lân lizzen. De hanneler dy't se keapje soe, woe se net mear hawwe, doe't der nei in flinke hagelbui pûkels op de pompoenen kamen. It Fryske boerekollektyf De Streekboer siket no ien dy't op grutte skaal pompoenen brûke kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)