UPDATE: Deadlik slachtoffer Wâlterswâld is frou

It liket derop dat it slachtoffer dat sneontemoarn dea fûn waard yn in sleat yn Wâlterswâld, net troch in misdriuw om it libben kaam is. Dat meldt de plysje. It giet om in frou. De plysje tinkt te witten wa't it is, mar de famylje moat dat noch befêstigje. It lichem is foar fierder ûndersyk nei it sikehûs fan Drachten brocht.
De deade waard sneontemoarn om sawat njoggen oere oantroffen yn in sleat oan de Dokkumerloane. By har lei in fyts. De helptsjinsten waarden manmachtich optrommele en de plysje hat oant alve oere ûndersyk dien. Doe is it plak wer frijjûn.
De pleatslike fuotbalklup VIOD hat fanwege de omstannichheden alle thús- en útwedstriden fan sneon ôfsein.